Berneferhalen
© Geertruida van Assen
© Geertruida van Assen
Ik haw it noait witten, mar sûnt juster wit ik it al. Ik mei it tsjin gjin ien fertelle, it is ús geheim. Fan mem en my. Neam my mar Klaske, sa hyt ik net, mar oars witst fan wa’t it geheim is.
download Us geheim as pdf-file
Us geheim stiet ek yn dit boek
'Woehoehoeoeoe, shiiiiiiiiiii.'
'Jammele dêr hast dat lûd wer!' pipet Piter benaud. Hy krûpt hielendal wei ûnder syn dekbêd. Erik slacht sines fan him ôf. Juster foar it earst hearden se it lûd. Piter is der wis fan dat it in spook is. Ien dy’t besiket yn harren keammerke te kommen. Echt wat foar in skiter om sa te tinken. Syn twillingbroer, en ek noch in kertier âlder.
Safolle doazen, koest de flier net iens mear sjen. Ik stie yn ien fan de hoeken fan de keamer. Deun tsjin ’e muorre oan, mei achter my in grutte doaze, njonken my ek en foar my in steapel boeken.
Omke Tsjeard balansearre tusken de doazen troch nei in kast. Hy koe de kast mar amper iepen krije.
download Omke Tsjeard as pdf-file
De katten sitte allegear flak by Katja. It lytse bistke is ûnderweis nei de strûken. Algau is er net mear te sjen. It wachtsjen kin begjinne. Soe it slagje? Binne de tosken fan de Felidae-mûs sterk genôch om in slot stikken te knagen? Litte de hûnen in mûs rinne? En as it slagget wat docht Prinses dan? Dy wit fansels net dat de mûs eins in frou is, en ek noch wol har eigen.
download De befrijing as pdf-file