Koarte ferhalen

© Geertruida van Assen

De Ynbrekker

‘Soa pake wat hasto útfretten, te hurd rûn op ’e grutte dyk mei dyn rollator?’ It wie de jonge mei it griene hier dy’t it frege. Ik hie al seare eagen fan al dy kleuren oan ’e muorre. En no komme se ek al neist my sitten. Der wiene noch mear kleuren. Se seine neat, mar laken wol omraak. Wêrom yn ’e goedichheid litte de plysjes my tusken dat skoarem sitte?

download De Ynbrekker as pdf-file

Bist besoademitere

Yn al dy jierren dat we byinoar binne haw ik myn wiif noch noait besoademitere, mar blinder, ik sil dy fertelle: dat skeelde net folle. Fan 'e wike seach ik har foar it earst. Skonken oan 'e kliene mul ta. In dûbele bola cup E derboppe, ljocht hier oer it smelle kontsje. Sa'n mokkel. It wie de earste kear dat ik myn wiif net rjocht oansjen koe, doe't hja frege wêr't ik west hie. Mar ik leau se hie neat yn 'e rekken.

download Bist besoademitere as pdf-file

Wachtsje

... hûndertachtentritich, hûndertnjoggenentritich, hûndertfjirtich. Se lit har op ’e grûn sakje tusken de swiere tassen yn. Wat duorret it alderferskuorrendste lang. It is al de tredde kear dat se de stiennen yn ’e muorre telt. Njoggenhûndertfyftich binne der, teminsten as de heale net meiteld wurde. De grûn is kâld, like kâld as de wyn dy’t boartet mei har hier: dan is it in gerdyn foar har eagen, dan wer wapperet it as in flagge nei achteren ta en soms stiet it as in reidbosk oerein.
  Se tinkt oan heit en mem. Mem dêr’t se no mei prate wol. Mar se is sa fier fuort. Noch trije moanne dan komme heit en mem wer yn Nederlân. Trije moanne, it liket wol in minskelibben.

download Wachtsje as pdf-file



Koarte ferhalen folwoeksenen publisearre yn De Moanne:

  1. maaie 2003 - Fiskje
  2. septimber 2003 - Juffers
  3. april 2004 - Thys
  4. july 2004 - Egalisearje

Koarte ferhalen folwoeksenen publisearre yn:

  1. Farsk 2003- De Ynbrekker
  2. Farsk 2004- Wachtsje
  3. Farsk 2004- Bist besoademitere
  4. Farskskrift 10 Fakânsje - Pakke
  5. Fryske Skriuwerskalinder 2005 - Flecht